Scheffer foar weryndieling

29 aug 2007 - 17:11

Boargemaster Scheffer fan Harns wol wol weryndiele mei Wûnseradiel en Boalsert. Dat sei er woansdei by de iepening fan de Fiskerijdagen yn de havenstêd. Harns rjochtet de blik nei it suden as it om yntinsivere gearwurking en weryndieling giet.

Mei Frjentsjerteradiel is ek wol praat mar dat hat noch ta neat konkreets laat. Boalsert liket kwa stêd op Harns en Wûnseradiel hat ek oerienkomsten, lykas de lizzing oan it wetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)