Subsydzje foar oprêden stekken

© Omrop Fryslân
Boeren kinne subsydzje fan it Wetterskip krije foar it oprêden fan stekken en stikeltried op de wâlskanten fan boezemwetters.
It wetterskip wol de ôffredings graach fuort ha, omdat se lestich binne by it ûnderhâlden fan de wâlskanten. Sa is it dreech om der achter lâns te meanen. Boeren kinne de subsydzje oanfreegje by it Wetterskip. Se krije ien euro de strekkende meter.