Matusiak yn Poalske seleksje

Matusiak yn it Poalske shirt
Hearrenfeanoanfaller Radoslaw Matusiak is oproppen foar it Poalske nasjonale alvetal. Bûnscoach Leo Beenhakker hat him by de seleksje helle foar de EK- kwalifikaasjewedstriden fan Poalen tsjin Portugal, op 8 septimber, en tsjin Finlân, op 12 septimber.
Matusiak kaam al njoggen kear earder út foar it nasjonale alvetal. Hy skoarde fjouwer kear. De Poal tekene ferline wike in kontrakt foar trije seizoenen by Sportklub Hearrenfean.