NAM út de skroeven

29 aug 2007 - 11:39

De NAM is tige bliid mei de útspraak fan de Raad van State oer gaswinnen ûnder it Waad. De útspraak betsjut dat de NAM trochgean kin mei dy gaswinning. Dat winnen wurdt sûnt febrewaris dien fanôf Moddergat.

Yn 2008 en 2009 komme der twa lokaasjes yn Grinslân by. Meiinoar giet it om seis gasfjilden mei 25 miljard kubike meter gas, foldwaande gas om de fjouwer grutte stêden tsien jier lang fan gas te foarsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)