Kameratafersjoch yn Drachten

29 aug 2007 - 11:28

Yn Drachten wurde takom jier kamera's ophongen yn it útgeanssintrum. De riedskommisje fan Smellingerlân is dêr mei akkoart gien. Allinne de SP wie tsjin, omdat dy partij it nut der net fan ynsjocht. De gemeente hopet dat der troch it kameratafersjoch minder fernield wurde sil.

Boargemaster Middel wol ek útsykje oft it mooglik is om minsken dy't bot oerlêst feroarsaakje tenei te ferbieden op guon plakken te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)