Problemen swimmers by Skylge

© Omrop Fryslân
Fiif jongeren út Leiden binne tiisdei yn de problemen rekke by it swimmen yn de Noardsee by Skylge. Se wiene it wetter yn gien by Peal 8, mar hiene gjin rekken hâlden mei de sterke streaming. Dêrtroch koene se net mear op eigen kracht op de fêste wal komme.
Uteinlik koe de rêdingsmaatskippij KNRM twa fan de fiif drinkelingen út it wetter lûke. Twa oaren slagge it dochs sels op it strân te kommen. De fyfde waard troch in surfer rêden.