Slim auto-ûngemak by Snits

29 aug 2007 - 10:34

By in ûngemak by it Prinses Magriet- akwadukt by Snits is woansdei in frou slim ferwûne rekke. Fiif auto's klapten op elkoar troch noch ûnbekende oarsaak.

De frou rekke dêrby yn de auto beknypt en moast troch de brânwacht befrijd wurde. Se is oerbrocht nei it sikehús yn Snits. Troch it ûngemak ûtstie der in file fan goed 4 kilometer. Yntusken is dy file wer oplost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)