Eksposysje tsjin gaswinning

28 aug 2007 - 22:27

Waadskilder Geurt Busser hat yn Brussel in protesteksposysje ynrjochte tsjin gaswinning yn de Waadsee. 'Oneindig Wad'is tiisdei iepene yn it gebou fan it Europarlement.

De Raad van State docht woansdei útspraak oer de gaswinning. Mocht dy beslisse dat it trochgean kin, dan wurdt der in Europa fierder prosedeard. Busser wol de Europeeske politisi bewust meitsje fan de wearde fan in ûnoantaast Waad.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)