Kultuerjild earliker ferdiele

28 aug 2007 - 22:15

It Noarden wol dat der in ein komt oan de ûnearlik ferdielde Haagse kultuerpotsjes. Om dat te berikken hawwe de noardelike provinsjes en de stêden Ljouwert en Grins meiïnoar in kultuerfyzje makke.

It jild dat lanlik beskikber komt foar kultuer is al jierren min ferparte. It kin net sa wêze dat yn 'e Rânestêd mear jild kultuerstipe beskikber is foar in ynwenner as yn it noarden, seit wethâlder Bleize fan Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)