Herten noch net fûn

28 aug 2007 - 17:56

Der wurdt noch altyd socht nei fiif edelherten dy't tiideitemoarn út in fokkerij by Frjentsjer ûntsnapt binne. As se fûn wurde, wurdt besocht se mei ferdôvingspylken út te skeakeljen, om se sa te fangen. Ien fan 'e herten is de autodyk A31 oerstutsen.

Fyftjin herten ûntsnapten by boer Idsinga troch oer in stek te springen. It hert dat de A31 oergien is, is rjochting Doanjum gien, de oare trije binne rjochting Skalsum gien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)