Drigend tekoart spesjalisten

28 aug 2007 - 17:35

Yn de sikehuzen driget in tekoart oan mage-, lever- en termspesjalisten. Mooglik soene pasjinten harren yn de takomst sels yn 'e rânestêd behannelje litte moatte.

It Genootschap MaagDarm-specialisten skriuwt yn in brânbrief oan 'e minister fan Folkssûnens dat benammen de regiosikehuzen troffen wurde troch de krapte. Der moatte mear studinten talitten wurde op 'e opliedings fan 'e spesjalisten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)