Oomsfertochte nei PB-Centrum

28 aug 2007 - 17:08

De haadfertochte yn de saak-Ooms wurdt ûndersocht yn it Pieter Baan Centrum. Yn in rezjysitting is tiisdei foar de rjochtbank besletten dat de man neier ûndersocht wurde moat.

Marinus Ooms waard yn oktober ferline jier yn syn hûs yn Haulerwyk fermoarde. Trije fertochten moatte harren ferantwurdzje. It iepenbier ministearje fertinkt harren derfan dat se Ooms fêstbûn hawwe en him mei in mes om it libben brocht hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)