'Brian hie neat sizze moatten'

Brian Vandenbussche moast by Kuiper op kantoar komme (foto Martin de Jong)
Hearrenfean-direkteur Yme Kuiper is net gelokkich mei de útspraken fan Brian Vandenbussche oer Afonso Alves. Nei Ajax-Hearrenfean neamde de keeper foar de kamera fan Omrop Fryslân it gedrach fan Alves 'een schande'. Neffens Kuiper hat Vandenbussche de ôfspraak skeind om neat nei bûten te bringen oer ynterne spannings.
Kuiper hat de keeper der moandei op wiisd dat allinnich hy en trener Gertjan Verbeek it wurd fiere meie.