Messelûker moat foarkomme

© Omrop Fryslân
De jonge dy't sneontejûn in man út De Lemmer delstutsen hat, moat tiisdei foarkomme by de rjochter-kommissaris. Ut plysjeferhearen hat bliken dien dat it slachtoffer en in groepke jongeren, dêr't de fertochte by hearde, rûzje hiene. Dêrby triuwden fertochte en it slachtoffer inoar oer en wer, wêrop't de fertochte in mes luts en stuts.
De plysje moat noch in pear belutsenen hearre. De fertochte sit noch fêst.