Auto's bekrast yn Gytsjerk
Yn Gytsjerk binne it ôfrûne wykein alve auto's skansearre. De weinen stiene yn 'e Van Meijersstrjitte yn it doarp. De auto's binne oan alle kanten mei in skerp ding bekrast.
De plysje ûndersiket de saak. Fiif eigners hawwe yntusken oanjefte dien. De plysje freget oft de oare dupearren harren ek melde wolle.