Fytser komt om by ûngelok

It plak fan it ûngelok (foto: Radio Noordoost-Friesland)
Oan de Triemsterloane yn Kollumersweach is tiisdeitemoarn om kertier oer sânen in fytser om it libben kaam. De man brocht kranten lâns en kaam troch ûnbekende oarsaak yn botsing mei in ridende kraan Helptsjinsten koene neat mear foar him betsjutte.
It slachtoffer is in 61-jierrige ynwenner fan Kollumersweach. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.