Trelit troch herten by autodyk

© Omrop Fryslân
Plysje en Rykswettersteat moasten tiisdeitemoarn yn aksje komme om foar te kommen dat fyftjin ûntsnapte herten by Frjentsjer de autodyk op rinne soene. De herten fan 'e fokkerij fan boer Idzenga sprongen tiisdeitemoarn betiid oer in stek.
De measte herten koene al ridlik gau wer fongen wurde, mar fjouwer flugge bisten naaiden út. Om tsien oere moarns wie noch ien hert poater. Alle oare bisten wiene wer te plak.