Kolleezje L'diel kin fierder

27 aug 2007 - 22:13

It kolleezje fan Littenseradiel kin foarearst fierder wurkje, mar de mearderheid fan de gemeenteried hat noch gjin folslein fertrouwen yn dat kolleezje.

Dy mearderheid bestiet út PvdA en VVD. De hiele ried wie moandeitejûn wol posityf oer de ynset fan it kolleezje. PvdA en VVD woene lykwols noch gjin streek ûnder de hiele kwestje sette. PvdA en VVD hawwe lang ynsetten op it fuortgean fan boargemaster Liemburg.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)