Plysje nimt hûn yn beslach

De Diereplysje hat yn de gemeente Skarsterlân in âlde hûn yn beslach naam, dy't nei alle gedachten moannen lang fêstbûn sitten hat oan in ketting.
It bist koe gjin kant mear út en siet yn syn eigen stront. De eigner, dy't twa moanne lyn syn hûs ferlitten hat, is noch net fûn. Foar de hûn, in krusing tusken in Sint Bernhard en in Golden Retriever, wurdt yntusken goed soarge.