Kondoleânseregister Rosier

27 aug 2007 - 17:17

De gemeente It Bilt hat moandeimiddei in kondoleânseregister iepene foar de 30-jierrige serzjant Martijn Rosier. De ynwenner fan Sint Anne kaam sneintejûn om yn Afganistan troch in bermbom.

Op de website en it gemeentehûs fan It Bilt kinne minsken har meilibben en respekt toane. It gemeentehûs is dizze wike alle dagen fan 4 oant 5 spesjaal iepen. Op de webside binne yn koarte tiid al in soad reaksjes binnenkaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)