OM mei tenei sels straffe

27 aug 2007 - 13:46

It Iepenbier Ministearje (OM) yn Ljouwert stiet foar in tal grutte feroarings. Sa mei it OM mei yngong fan 1 oktober yn bepaalde saken sels straffen oplizze, lykas jildboetes en taakstraffen. Ek binne der saken dy't net mear yn Ljouwert dien wurde.

Ien en oar hat te krijen mei in grutte reorganisaasje. Dêrmei hopet it OM yn de takomst lanlik 160.000 ekstra saken behannelje te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)