Fersleinens nei dea serzjant

27 aug 2007 - 12:12

Rûnom is ferslein reagearre op de dea fan de 30-jierrige serzjant yn Uruzgan. Martijn Rosier út Sint Anne kaam sneintejûn om it libben neidat er op in bermbom stapt wie. Hy lit in frou en trije bern nei.

De gemeente It Bilt iepenet in kondoleânseregister. Ek op ynternet rinne kondoleânseregisters oer fan de reaksjes. Op de kazerne yn Wezep dêr't dêr't Rosier legere wie, wurdt in betinking tared.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)