Noch hoop op rappe trein

De hoop op in flugge ferbining bliuwt...
De stjoergroep Suderseeline hat der noch altyd betrouwen yn dat der in snelle spoarferbining komt tusken de Rânestêd en it noarden. Dat die moandei bliken oan it begjin fan it oerlis fan de stjoergroep.
Op 4 septimber sil de groep, besteande út bestjoerders út de trije noardlike provinsjes en Flevolân, mei minister Eurlings om tafel om oer de ferbining te praten. Dan moat der in definityf beslút naam wurde.