Mear rjochtsaken mei bern

27 aug 2007 - 11:43

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert behannelet hieltyd mear saken mei minderjierrigen as fertochte. Dat hat haadoffisier Bronsvoort moandei bekendmakke by in taljochting op it jierferslach 2006. It liket der op dat de tendins him dit jier trochset.

Dêrneist is it Iepenbier Ministearje lanlik útein set mei in ûndersyk nei húslik geweld troch jongeren. Sifers toane dat bern hieltyd faker dieder as slachtoffer fan húslik geweld binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)