Snackwein yn sikehûs

27 aug 2007 - 11:23
De Sionsberg set pasjinten sûne hapkes foar

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum set in 'snackwein' yn om ûnderfieding yn it sikehûs tsjin te gean. Sa'n 25 oant 40 persint fan de pasjinten yn it sikehûs yt net goed.

De Sionsberg set dêrom in nije metoade yn: mei de SNAQ-fragelist is fluch te achterheljen oft in pasjint te min yt. As dat it gefal is komt trije kear deis in snackwein del. Pasjinten krije dan kaloryryke hapkes lykas bavarois, in milkshake of in salade.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)