Farferbod Snitser skipper
In 42-jierrige skipper út Snits hat sneintejûn in farferbod krigen fan de plysje. Hy hie him gefaarlik gedroegen op de Houkesleat. Boppedat hie de man tefolle dronken.
De plysje seach dat de man fierstente te hurd gie mei de boat en oan it stunten wie. De man hat in farferbod krigen fan fjouwer oeren en der is proses-ferbaal opmakke.