Brân yn wenning Bantegea
By in útslaande brân is sneintejûn yn Bantegea de boppeferdjipping fan in hûs oan de Middenwei folslein útbaarnd. By de brân is net ien ferwûne rekke.
De rest fan de wenning hie troch de brân en it blussen fikse reek- en wetterskea. De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend.