Boalserters oanholden
De plysje hat sneintenacht twa Boalserters fan 18 en 20 jier oanholden foar fernielerij. De beide manlju wiene oan de Marktstraat yn Boalsert dwaande in parkearmjitter te fernielen.
De plysje hat de twa manlju oppakt en meinommen nei it buro. Dêr krigen se proses-ferbaal, wêrnei't se wer nei hûs mochten.