Vandenbussche lilk op Alves

26 aug 2007 - 16:41

Keeper Brian Vandenbussche fan SC Hearrenfean is poerrazend op Afonso Alves. Hy fynt dat Alves de ploech dupearret mei syn gedrach. Alves die snein net mei oan de wedstriid tsjin Ajax en wie sneon ek net op de trening.

"Ik mag er niks over zeggen, maar ik vind het een schande", sei de keeper snein tsjin Omrop Fryslân. "Ik hoef die kerel nooit meer te zien." De keeper jout hjirmei oan dat de spilers skjin har nocht ha fan de Alves-soap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)