EK-sulver Schuil / Nummerdor

26 aug 2007 - 16:16

Richard Schuil fan Ljouwert en syn maat Reinder Nummerdor ha de finale fan it Europeesk kampioenskip beachfoljebal krekt ferlern. Yn it Spaanske Valencia wiene de Eastenrikers Clemens Doppler en Peter Gartmayer yn trije sets te sterk: 19-21, 21-19 en 13-15.

De âld-sealynternasjonals en regearend Nederlânsk kampioen op it strân ha dit seizoen in flinke stap makke troch in tal poadiumplakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)