Stekpartij op De Lemmer

26 aug 2007 - 15:09
Foto: Omrop Fryslân

Op De Lemmer is sneontejûn in man út dat plak yn earm en boarst stutsen mei in mes. In 16-jierrige ynwenner fan Rutten, Noardeastpolder, is foar de stekpartij oanhâlden. De plysje trof de man oan de Suderseestrjitte bliedend oan.

De fertochte wie nei it ynsident mei 6 oaren fuortfytst. Omdat der in dúdlik sinjalemint wie, koe de fertochte gau oanhâlden wurde. De plysje is noch mei de belutsenen yn petear.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)