Man mei mes oanhâlden

© Omrop Fryslân
Oan de Noardkade yn Drachten is in 21-jierrige ynwenner fan dat doarp oanhâlden omdat er in mes by him hie. Aginten ûntdutsen sneintenacht dat in pear minsken oan it fjochtsjen wienen oan de Súdkade.
Omstanners fertelden de plysje dat de 21-jierrige man mei in mes swaaide. De man is oppakt en fûllearre. Hy hie in lyts bûsmeske by him.