Man mei scootmobyl te wetter

26 aug 2007 - 15:04
Foto: Omrop Fryslân

In 61-jierrige man út Ljouwert is sneontemiddei yn Goutum mei syn scootmobyl yn it wetter riden. De man fleach oan de Jonkersleane út de bocht en kaam yn in sleat ta stilstân.

Foarbygongers seagen it ûngelok en warskôgen de plysje en brânwacht. De man is út it wetter helle. Hy is mei de skrik frijkaam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)