Hamburger 2e yn searje op WK

26 aug 2007 - 13:04

Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap hat him by de wrâldkampioenskippen roeien yn München pleatst foar de kwartfinale. Hamburger einige yn de searje op in twadde plak yn in tiid fan 7.02,56 en dat wie genôch foar de folgjende ronde.

De Sweed Lassi Karonen wûn de searje yn in tiid fan 6.56,09. Nienke Kingma en Helen Tanger einigen yn har searje teloarstellend as fjirde en lêste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)