Ljouwert goed foar bisten

26 aug 2007 - 11:15
Ljouwerters binne goed foar bisten

Ljouwert is fan hiel Fryslân de gemeente dy't it beste omspringt mei swalkdieren. De gemeente krijt dêrom freed in ûnderskieding fan de 'Partij voor de Dieren'.

Dy hie opdracht jûn foar in ûndersyk nei it belied fan gemeenten op it mêd fan katten en hûnen dy't omswalkje. Oanlieding wie dat de gemeente Lemsterlân ophâlde woe mei de opfang fan katten en hûnen sûnder baas. Gemeenten binne dat wol ferplichte.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)