Radiowein Omrop iepenbrutsen

26 aug 2007 - 10:38

De nije reportaazjewein fan Omrop Fryslân is sneontejûn yn Drachten iepenbrutsen. De Omrop hie yn de Lawei opnames makke. De dieder hat it sydrút fernield. Der is neat meinaam, wylst de wein fol stiet mei lûdsapparatuer.

Nei alle gedachten hat de dieder út west op it navigaasjesysteem en waard er steurd trochdat flakby ynienen plysjes opdûkten. Dy kamen ôf op in reltsje yn de buert. Hoe grut de skea oan de wein is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)