Winst partoer Minnesma

25 aug 2007 - 18:03

De keatsers Simon Minnesma, Herman Sprik en Folkert van der Wei ha sneon de útnoegingspartij yn Bitgum wûn. Yn de striid om priis en preemje waarden Martijn Olijnsma, Auke van der Graaf en Daniël Iseger mei 5-3 en 6-4 ferslein.

Foar junior Olijnsma wie it op haadklassenivo syn earste priis. Herman Sprik stie nei in blinetermoperaasje foar it earst yn fjouwer wike wer yn 'e krite.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)