Skipswerf is in jier keninklik

© Omrop Fryslân
Skipshelling De Vries ut Makkum, it eardere Amels, fierde sneon dat se septimber ferline jier it predikaat keninklik krigen hawwe. Dat gebeurde yn ferbân mei harren 100-jierrich bestean. Ek is der by stilstean dat op de werf fan De Vries in folslein nij jacht boud wurdt.
De Vries is no it achtste bedriuw yn Fryslân mei it predikaat keninklik. Yn Makkum binne se de twadde, njonken de keninklike Tichelaar.