Snits ferliest fan Quick Boys

© Omrop Fryslân
Yn it amateurfuotbal spile haadklasser Snits foar de lanlike beker yn Katwijk tsjin Quick Boys. De Snitsers ferlearen kânsleas mei 4-1.
Troch in doelpunt fan Klaas Schotanus yn de 27ste minút fan de earste helte kaam Snits op in 1-0 foarsprong. Ien minút letter wie it al wer 1-1. Yn de twadde helte wie Quick Boys dúdlik de bêste ploech. De einstân waard 4-1. Quick Boys moat no tsjin Roosendaal, dat sneon wûn fan Harkemase Boys: 2-1.