Kuierders oer de Ofslútdyk

in lint kuierders op de Ofslútdyk
Fytsers en brommerriders hiene it sneon dreech op de Ofslútdyk. Fanwege it 75-jierrich jubileum fan de dyk rûnen mear as 2500 minsken in tocht oer de dyk. De tocht is organisearre troch de Ljouwerter Krante en it Noordhollands Dagblad.
Om de kilometer stiet in boerd mei derop in gedicht en op Breesândyk is tiid en romte foar wat iten en drinken. De measte kuierders rinne yn groepkes.