Opskuor by alkoholkontrôle

25 aug 2007 - 12:16

In ynwenner (30) fan Westergeast is freedtejûn oanhâlden om't de man him fersette by in alkoholkontrôle en dêrby de plysje misledige. Dat gebeurde oan de Van Teijenswei yn Westergeast. De man foel in agint oan.

It foarfal rûn út op in opskuor dêr't inkelde tsientallen minsken op ôfkamen. De man koe oermastere wurde en is yn de boeien nei it buro brocht. Hy hie drank op en hat in rydferbod foar fiif oeren krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)