Boersma skoart foar Veendam

24 aug 2007 - 22:54
Foto: Omrop Fryslân

Veendam-oanfaller Age Hains Boersma fan Starum, hat freedtejûn syn earste goal yn it betelle fuotbal makke. Mei troch syn goal wûn Veendam mei 2-1 fan Top Oss. Yn de earste helte kaam Top Oss op foarsprong, mar nei fjouwer minuten yn de twadde helte makke Boersma lyk. Veldmate makke de winnende.

Boersma wurdt op stuit ferhierd troch SC Hearrenfean oan Veendam. Foarhinne spile de spits foar VV Snits en QVC.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)