Cambuur net foarby Fortuna

© Omrop Fryslân
SC Cambuur hat freed thús punten lizze litten tsjin Fortuna Sittard. De Ljouwerters kamen wol mei 2-0 foar, mar de wedstriid einige yn 2-2. Yn de earste helte skoarden Chris de Wagt en Adnan Barakat foar SC Cambuur. Yn de twadde helte diene Dirk Jan Derksen en Bas Jacobs dat foar Fortuna.
De Limburgers einigen de wedstriid ek noch mei 10 man, om't Zarko Grabovac in reade kaart krige. Cambuur stiet no 10e mei 4 punten út 3 wedstriden.