Earste peal winkels Bilgaard

24 aug 2007 - 17:29
Foto: Omrop Fryslân

Mei gejuich gie freed de earste peal de grûn yn fan it nije winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert. In lytse hûndert bewenners fan de wyk wiene útrûn om de hanneling by te wenjen. It wie freed in jier lyn dat in grut part fan it winkelsintrum yn flammen opgie.

De nijbou hat in protte fuotten yn ierde hân omdat tal fan winkeleigners it net iens wurde koene oer de plannen. Yn jannewaris 2008 moat it nije winkelsintrum klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)