Soad knutten yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân hat ferline wike in heech oantal knutten west. Dat docht bliken út mjittings. De knut is in hiel lyts michje, dat in belangrike rol hat by de fersprieding fan de feesykte blautonge.
Sûnt ferline jier is der in mjitnet foar dizze michjes, dat wurket mei in lampe dêr't de bisten op ôfkomme. Woansdei waard bekend dat hjir yn Fryslân blautonge fûn is by trije kij fan fee-eksporteur Schaap.