Start kayak-Alvestêdetocht

Net eamelje mar trochskeppe. Dat is it motto foar de dielnimmers oan Kayak- Alvestêdetocht. Freedtemoarn wie yn Frjentsjer de start fan de 5de edysje. Der binne dit jier 22 dielnimmers, wat minder as foarich jier. Neffens de organisaasje om't it tige swier is om mear as 30 oeren yn in seekayak te sitten. De 200 kilometer moat yn ien kear folbrocht wurde.
De earste dielnimmers wurde sneon om twa oere oan 'e finish ferwachte.