Gedrachtsregels Feanster jeugd

24 aug 2007 - 13:16

Kaartsjes mei gedrachsregels en in jongereinwurker moat de oerlêst fan stappende jeugd yn it sintrum fan it Hearrenfean lytser meitsje. Op de kaartsjes stiet wêr't jongeren in boete foar krije kinne.

It giet om saken as wyldpisjen, it fuortsmiten fan papier en oar smoargens op strjitte, it dealen fan drugs of it drinken fan bier op strjitte. De gemeente fynt de oerlêst yn it sintrum in grut probleem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)