Rydbewizen ynnommen

24 aug 2007 - 10:26

Op twa plakken yn de provinsje hat de plysje tongersdeitenacht rydbewizen ynnommen. Yn Drylts waard in 68- jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden omdat er tefolle dronken hie. Hy krige in rydferbod fan 8 oeren en koe syn rydbewiis ynleverje.

Dat jilde ek foar in 28-jierrige Bitgumer, dy't yn syn wenplak oanhâlden waard mei tefolle drank op. Hy krige in rydferbod fan 11 oeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)