Man sakket troch dak

24 aug 2007 - 10:20
Foto: Omrop Fryslân

Yn Donkerbroek is tongersdeitemiddei in 42-jierrige man út Nij Beets troch it dak fan in loads oan de Schapendrift yn Donkerbroek fallen. Hy wie dwaande it dak te meitsjen doe't er der troch sakke en 7 meter nei ûnderen foel.

It slachtoffer is stabilisearre en dêrnei nei it sikehús yn Grins brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)