Alves yn Braziliaanske alvetal

Alves: op 'e nij selektearre foar de seleçao
De Braziliaanske bûnscoach Dunga hat Hearrenfean-spiler Afonso Alves oproppen foar twa wedstriden fan it nasjonale team yn septimber yn Amearika. Brazilië spilet dan tsjin Amearika en Meksiko.
Op himsels hoecht Alves dêrtroch gjin wedstriden fan SC Hearrenfean te missen. De wedstriden yn Amearika falle krekt tussen twa Hearrenfean- wedstriden yn. Alves wûn de ôfrûne simmer mei Brazilië de Copa America.